Johannes Kramer hat de Slach by Warns ferlern
.
Sneon wie ik by de betinking yn Warns. Net om myn stipe oan de Ried fan de Fryske Beweging, de Frysk Nasjonale Partij of oare Frysk-nasjonalistyske organisaasjes buorkundich te meitsjen, mar om ris te sjen wat de Frysk-nasjonalen der anno 2009 fan bakke. En om Tresoar-direkteur Bert Looper te hearren, dy’t neffens de LC in ‘skerpe’ speech hâlde soe, bedoeld om de fettige kessens fan de djipfryske yncrowd ris wat op te skodzjen.
.
Dat, de auto yn ’e berm fan de Iselmardyk en op nei de stien. Wat treft men dan oan ûnder it read, wyt en blau fan de net te tellen Fryske flaggen? Benammen de kleur griis. Griis is de foarsitter fan it organisearjend komitee, Roel Falkena. Griis wiene de beafeartgongers. Griis wie it koar. Griis as de hângrepen fan in rollator. En dûnkergriis wiene de pakken fan it hânfol Bernleffers.
.
Werklik, Looper wie it iennichste ljochtpunt. Yn heldere taal kaam er fanwegen mei syn krityk op de Fryske beweging, dy’t fierstente folle de klam leit op taal as de ultime boustien fan de Fryske identiteit. Sa slute de bewegers de net-Frysktalige boarger yn Fryslân út by harren stribjen nei mear omtinken foar de Fryske kultuer. Wêrom net ris sjen nei – om mei Pieter de Groot te praten – allerhanne oare ‘Fryske trêften’? Bygelyks de rike tradysje fan ûndersyk en ûnderwiis yn de provinsje, dy’t begjint mei de universiteit fan Frjentsjer. Yn de kar fan wearden dy’t útdroegen wurde, soe de beweging folle ‘iepener’ wêze moatte. Dan kinne ek net-Frysktaligen folweardige boargers wêze yn de Fryske maatskippij.
.
It wie in ferstannich, wolkom lûd. De fraach komt fansels wol by jin op wêrom’t der gjin Frysk-nasjonaal foaroanman te finen wie dy’t sokke krityske kanttekeningen pleatse kinnen hie, dêr op it Reaklif? Looper stuts as bûtensteander syn nekke út, mar hie it net ta mear diskusje liede kinnen as bygelyks de FNP-fraksjefoarsitter yn ’e Steaten Johannes Kramer syn Frysk-nasjonale bûnsmaten sa'n spegel foarhâlden hie?
.
Fan Kramer wie lykwols gjin spoar te bekennen. Hjoed yn de LC komt er al oan it wurd en jout er in reaksje op de speech fan Looper. In wûnderlik griistinterich en draaikonterich kommintaar. "Foar jo eigen kultuer opkomme, betsjut net dat je dan net foar je taal opkomme meie," seit er. Nee, dat kloppet as in bus, spitigernôch wie dat it boadskip ek net. Hindert neat, Kramer lit sa al even witte dat er de Fryske taalstalinisten út noch yn net ôffalle wol. Yntern polityk statement, sille wy mar sizze.
.
Oan ’e oare kant wol er Looper ek wat yn ’e mjitte komme. Wol sa feilich, want de Tresoar-direkteur is in betûft man dy’t net samar wat seit. Folget in Krameriaanske folsin: "Je kinne der wol fraachtekens by sette oft de Slach by Warns de meast geskikte foarm is om je identiteit op in iepen manier te betinken."
.
It liket in hânrikking. Fraachtekens. Meast geskikte foarm. Iepen manier. Klinkt goed. Dat Krameriaansk is hast Lubbersiaansk.
.
Mar wat seit dizze FNP’er hjir no eins? Betinke de Reakliffers harren identiteit? Hoesa, binne se dy identiteit ferlern dan? Dat sil er wol net bedoele. Dochs wol er earne fraachtekens by sette. Sûnder fraachtekens binne wy nergens. By de betinking fan de Slach by Warns moatte dy set wurde, nim ik mar oan. Tsja, mar dan stiet der alwer larykoek. De betinking is net de meast geskikte foarm om te betinken?
.
Wat Johannes Kramer eins bedoelt, ik bin mar sa frij, is dat de betinking sa’t er no is, sa’t er sneon ek wer wie, ien grutte âlderwetske kitscherige kwasi-seremony is dêr’t gjin woltinkend Frysksinnich persoan mear mei út ’e fuotten kin. Dat seit er fansels leaver net planút, want trije jier lyn wie er sels de grutte ringdrager by de hillige stien en doe hat er oars net dien as sollisitearje nei de funksje fan deputearre yn it leger fan Anita Andriesen, wat him lykwols net it fûlbegearde baantsje opsmiet mar wol – yn de LC – de kwalifikaasje fan kontkrûper.
.
De FNP, dames en hearen, hat de Slach by Warns ferlern. Spitich, mar it is net oars. De partij ûnder lieding fan Kramer doart de diskusje net oan. Giet de modernisearring fan de Frysksinnigens út ’e wei. Rint om it aventoer hinne. Lit oaren leafst it wurk dwaan en ropt as it sa útkomt yn ’e krante wer wat oer ‘dy Hollanners’, dat docht it yn guon rûnten ommers altyd goed.
.
Goed, ien foarbyld dan. Johannes Kramer racht oer de krityk fan Balkenende op it provinsjale reiske nei New York, krante fan 14 septimber: "Wy slaan hjir foar master op en dan wurdt dat yn Hollân fuort wer yn it belachelike lutsen. Wat in benepen lân. Wy binne in eigensinnige provinsje dy’t graach oan markearring docht. It is klearebarre kift."
.
Wy. Hollân. Hiel iepen.
.
Ik soe sizze, lit ús no de FNP mar ris iepen betinke. Troch mei syn allen, út folle boarst, en it leafst wat yn 'e maat, sa’t dy Reakliffers dat sneon ek hiel goed diene, it prachtnûmer, it yn-Fryske nûmer ‘Frysk hynder’ fan Gryt Wiersma te sjongen.
.
Want dat wie teminsten in hynder mei in grut ferstân.
.























Laatste reacties